Preek uit 2007 van Hinne Wagenaar

 

Bêste minsken, moarn!

 

It is hjoed wat oars as oars. Yn it kader fan de Iepen Monuminten Dei fan juster ha wy hjoed in spesjale Doeke Hellema Tsjinst. Doeke Wijgers Hellema wie lange jierren yn dizze tsjerke koster, oargelist, foarsjonger en lêzer, en tsjerkfâd. By syn dea yn 1856 waard hy hjir bûten foar de doar fan tsjerke begroeven. By de restauraasje fan 1981 is syn sark hjir yn tsjerke kommen te lizzen.

 

Wy dogge it fan ’e moarn wat oars as oars. De manlju en de froulju sitte apart. Dat wie sa yn dy tiden. Ek de liturgy wie folslein oars. Jim sille dêr hjoed wat fan meikrije. Mar wy dogge it net hielendal as doe. Dan se it tefolle in toanielstik wurde. Dat is net de bedoeling. Wy ha in tsjerketsjinst dy’t yn it teken stiet fan Doeke Hellema en syn tiid, mar wy binne hjir gearkaam om mei inoar te sjonge, te bidden en te harkjen nei it Wurd fan God.

 

Ik sil yn dizze tsjinst Frysk prate. De teksten út dy tiid sille yn (âlderwetsk) Nederlânsk klinke. Bygelyks de Bibellêzing út de Statenvertaling en inkele Psalmen út ’e Psalmberiming fan 1773.

 

Wy sjonge as begjinpsalm Ps. 90: 1, 2 út ús gewoane lieteboek. Dat is de Psalm oer de geslachten dy’t komme en dy’t geane. Sa mooglik dogge wy dat steande. Nochris in goede tsjinst tawinske.

 

Snein 9 septimber 2007

12e snein fan de simmer

 

‘Doeke Hellema-Preek’

(nei oanlieding fan de Iepen Monuminten Dei op 8 septimber 2007)

 

Gemeente fan Kristus,

Bêste minsken,

  

Dizze tsjerke is in lichem

Dizze tsjerke hat in siel

Dizze tsjerke libbet

 

Geslachten gean, geslachten komme

De sinne komt op en de sinne giet ûnder

De wyn is súd en draait nei noard

en draaiendewei blaast er werom

Alle beken streame nei de see

mar de see rekket nea net fol

It wetter bliuwt mar streamen troch de wurdumerfeart.

 

Dizze tsjerke, dit gebou fan hout en stien

midden yn it doarp, op it heechste punt

docht al hast 1000 jier tsjinst

yn goede tiden en yn minne tiden

yn tiden fan rykdom en yn tiden fan earmoed.

yn tiden fan oarloch en yn tiden fan frede

yn tiden fan sikens en yn tiden fan sûnens

 

Hjir binne de bern te’n doop hâlden

hjir binne de minsken oan elkoar ferbûn

hjir binne de minsken yn de skutte fan de ierde dellein.

 

Dan fiele wy ús sa lyts

sa’t wy hjir hjoed steane

oan ’e ein fan in lange skiednis

en it begjin fan in ûnwisse takomst.

 

(Frij nei Preker 1 en Stef Bos, Nooit Zo Klein Geweest)

 

Bêste minsken,

 

Wy steane yn in lange rige fan geslachten as wy hjoed hjir sa nei tsjerke komme. As wy hjir harkje nei de wurden út de Bibel, as wy mei inoar bidde en sjonge. Yn dy lange rige fan geslachten stie ek Doeke Wijgers Hellema. Eins stiet hy noch aardich ticht by ús, sjoen de lange skiednis fan de tsjerke yn dit doarp. Ôfrûne 17 desimber (dus yn 2006) wie it 150 jier ferlyn dat hy stoar. Mar jo kinne it ek oars sizze. Oer 8 jier (yn 2016) kinne wy syn 250ste bertedei fiere. Dat is in ferskil fan hast 100 jier wylst Doeke Wijgers Hellema 90 jier âld wurden is.

 

Jimme kinne de jiertallen sjen op it briefke dat op ’e banken leit. No krije jim hjoed gjin skiednisles, mar ik waard der op attindearre dat ik der rekken mei hâlde moast dat net elkenien de jiertallen samar efkes yn ’e holle hat. Dêrom efkes in tiidbalke as stipe.

Dizze tiidbalke begjint wêr’t de midsieuwen ophâlde. Yn de betide midsieuwen kamen de mûntsen mei it evangeelje nei de Fryske lannen ta. Hjir yn ús Fryslân krige de tsjerke nei alle gedachten pas foet oan de grûn tusken 750 en 850. It earste houten tsjerkje hat hjir grif al stien foar it jier 1000. Mar it begjin fan dizze tsjerke sa’t wy dy no sjogge sil wol út de alfde/tolfte ieu wêze. It doarp wie noch lyts en de middelsee wie tichteby. En dus de driging fan de see!

Yn dizze tiden wie der allinnich noch mar de memmetsjerke, de Roomsk Katolike Tsjerke. De geastliken wiene preesters, dy’t sa goed en kwea as it gie de mis yn it Latyn opdroegen. De Tsjerkeherfoarming, de Reformaasje, kaam yn de 16e ieu. Hjir yn Wurdum kaam de earste dûmny yn 1584 (ds. Vincent Plekker. Hy bleau oante mei 1614). Doe kaam de tiid fan de Synoade fan Dordrecht (1618/19) en waard de Bibel oerset yn it Hollânsk. De Statenvertaling (dy’t wy hjoed heard ha) kaam út yn 1637. Dat wie wat! Yn Doeke Hellema syn tiid waard de Statenvertaling fansels noch brûkt. Der wie spitigernôch gjin Fryske Bibel, mar Doeke Hellema hie der fêst flak foar west. Hy wie ommers lid fan it ‘Fries Genootschap van Geschiedenis, Oudheid en Taalkennis’. En hy waard ek frege as lid fan it letter ûntstiene Frysktalige ‘Selskip foar Fryske Tael en Skriftenkennisse’. Dat wie oprjochte yn 1844. Hellema skriuwt dat it him tige wichtich is, mar dat hy him te âld fielt. Hy is dan ek al 78 jier âld.

 

De minsken songen sûnt de Reformaasje út de Psalmen fan Datheen. Yn 1773, dus yn de jonge jierren fan Doeke Hellema, kaam der in nije Psalmberiming. Dy nije Psalmberiming waard fan steatswege (de tsjerke wie ommers noch in steatstsjerke) ynfierd en de protesten wienen net om ’e nocht. Yn sommige tsjerken waarden de foarsjongers oerskreaut mei de ‘âlde’ psalmen. Dôchs is dizze beriming in grutte stap foarút west en wiene de minsken der letter tige wiis mei. Sa sjogge jo mar wer: ûnder de sinne is neat gjin nijs, sa’t de Preker seit. Yn dizze nije psalmberiming stienen ek ‘eenige gezangen’, gesangen dy’t bibels genôch wiene om songen te wurden. It gie om de lofsang fan Maria, fan Zacharias, en fan Simeon. En ek om bygelyks it ‘Gebed des Heeren’ en ‘de tien geboden des Heeren’. Dizze lêste hawwe wy songen omdat it op in ús bekende wize is. ‘De tien geboden’ wiene nammentlik skreaun op de wize fan Psalm 140. En de Psalm meldijen brûke wy noch oant hjoed de dei oan ta. Doe songen de minsken a-ritmysk (dus alle noaten like lang) Hjoed de dei is dat wol oars wurden. Mar de wize is noch altyd deselde as út de tiid fan de Reformaasje.

 

Doeke Wijgers Hellema libbe it grutste part fan syn libben noch yn de Herfoarme tsjerke dy’t doe noch like goed grifformeard neamd waard. Pas letter waarden dat nammen fan ûnderskiedene tsjerken. Oan ’e ein fan syn libben waard hy konfrontearre mei skieding en konflikt yn syn geleafde Herfoarme tsjerke. Doeke Hellema soe nea oergean ta in oare tsjerke, sa skriuwt hy yn syn ‘Levensgeschiedenis’. Mar hy hie wol niget oan de rjochte lear dy’t yn de kringen leard waard.

 

Te’n  tiden fan syn libben kaam de ôfskieding (1834) en nei syn ferstjerren de Doleânsje (1884) Hjir binne letter de Kristlik Grifformearde en Grifformearde tsjerke út ûnstien. Doeke Hellema hat net it ferdielde doarp fan de twadde helte fan de 19e en fan de 20ste ieu meimakke. Wy ha 150 jier fan ferskaat en striid efter de rêch. Wy binne der grutsk op dat wy sûnt 2005 wer by inoar binne as ien tsjerke yn Wurdum. Net krekt as foar Doeke Hellema syn tiid. Wy binne (hoopje wy) wizer wurden troch de skiednis.

 

It wiene doe gjin maklike tiden. As jo de oantekeningen fan Doeke Hellema lêze (Kroniek van een Friese Boer: de aantekeningen van Doeke Wijgers Hellema te Wirdum) dan komme jo al gau ûnder de tsjoen fan de gefaren, de syktes en de swiere tiden. Ik wol jo ien foarbyld neamme, nammentlik de slimme wetterfloed fan febrewaris 1825. Dizze wettefloed brocht grute skea yn Fryslân.

 

Doeke Hellema skriuwt yn syn oantekeningen (16 febrewaris 1825)

 

‘Omdat het helder en schoon zonneschijn weder was, gingen mijn zoon en ik benevens een knecht eens op de Wirdumer Tooren; vanwaar wij zulk een toneel aanschouwden als de schrijver nooit gezien heeft, want overal waar men heen zag was het water, in het Noordoosten en Oosten naar de Wouden spiegelde de gantsche oppervalkte als helder glas van het Oosten tot het Westen, inzonderheid van het Zuidoosten tot het Zuidwesten zoo ver het oog reikte zag men niets dan water, de geheele oppervlak geleek een besneeuwd veld, alwaar de plaatsen en gebouwen zich verspreid als vlekken uitheften... Alles verloor zich in de uitgebreidheid van de massa des waters’  (25)

 

Gedicht fan E. De Haan       (troch de foarlêzer, Sjoerd Boonstra)

 

Een blik op den watervloed          

Van den Wirdumer toren, den 12 Febr. 1825

 

Ja vaak beklom ik deze spits, om de Natuur te aanschouwen;

’k Zag dan rond om mij grazig vee, en welige landdouwen;

’k Zag dan Natuur in volle pracht!-

’k Zag wondren van Gods liefd’ en macht!-

En voeld’ mij vaak gestemd, des Scheppers lof te ontvouwen.

 

Nu zie ik van dezelfde spits, zoo ver mijn oog kan weiden,

Het schrikverwekkend element, zich overal verspreiden –

                               Een on af zienbren Oceaan,

Die dam en dijk dreigt door te slaan!

En door de Almagt slechts te keeren en te leiden.

 

Ja, hier op deze hooge spits! -  Hier zie ‘k Gods Alvermogen!

Wie wordt niet door dit grootsch gezigt getroffen, - diep bewogen!

’t Is alles slechts een waterplas!

Een spiegel als van helder glas!

Een schitterende glans verblindt schier ieders oogen!-

                                                                              

De woningen van mensch en vee, die bijna ’t oog ontglippen,

Vertoonen zich voor ’t starend oog op ’t oppervlak als – stippen;

Met eerbied en bewondering,

Aanbidding, vrees, bekommering,

Beschouw ik dit toneel, – ‘k zie zee, en bank en klippen!

                                                                              

Ja, wist men niet hoe hoog de nood bij velen is gerezen!

En had men voor den geest gevaar of onheil meer te vreezen;

Dan zag ik met een kalm gemoed,

Deez’ onafzienbren watervloed,

Waarop de Grootheid Gods zoo zichtbaar is te lezen!

                                                                              

Maar ach, hoe velen zijn er niet, die thans om redding zuchten;

Die voor ’t vernielend element, beroofd van alles, vlugten;

Men hoort van jamren overal!

De dood waart rond op veld en stal!

Alomme hoort men niets, dan vreeslijke geruchten!

                                                              

Waarom o God! waarom… maar neen! ’t betaamt ons niet te klagen,

Gering is ’t onheil dat hier treft – en valt nog ligt te dragen –

Terwijl men gindsch in kommer zit;

                               Den Hemel staâg om uitkomst bidt,

Schenkt God ons veiligheid, bevrijdt ons van plagen.

                                                                              

Wel aan! nu graag een traan gedroogd van hen die bitter treuren;

Nu alle krachten ingespand, om lijdende op te beuren.

O! ’t is zoo zalig voor het hart,

Te leenigen der droeven smart!

’t Is zelfs voor lijders troost, te zien dat w’ om hen treuren.

                                                                              

De toekomst!... dan wie zegt ons die? Zij ligt voor ons verborgen.

Welligt rijst uit deez’ donkren nacht, welhaast een blijde morgen.

Of zien wij nog die scheemering niet,

Geen enklen lichtstraal in ’t verschiet –

Geen nood! De Almagt leeft!- Hij zal als vader zorgen!

 

E. de Haan.

Tuskensang: Psalm 69:1

 

Gemeente fan Kristus, Bêste minsken,

 

No tochten jim dat de preek klear wie, mar sa is it net. Yn dy tiden wie de tsjinst eins ien grutte preek mei in gebed en liet foar de preek en in gebed en liet nei de preek. De tuskensang koe de sliep fan de minsken wer wat ferbrekke. Guon minsken stiene dan ek efkes om it bloed wer wat op gong te krijen en de swiete sliep wat ferwaaien te litten.

 

Ik sil it net te lang mear meitsje. Doeke Hellema libbe yn in tiid dy’t wreed wie. Yn it gedicht fan skoalmaster de Haan krije jim bytsje in yndruk fan hoe’t de minsken wrakselen mei de dea en it ferdjer. Fansels hiene sy weet fan de klacht tsjin God ‘Waarom God, o waarom?’, mar daliks deroerhinne it betrouwen: ‘De Almagt leeft! Hij zal als een vader zorgen!

 

Mar de tiden wiene wreed. Hellema skriuwt yn syn oantekens oer de wetterfloed; oer de strange winters (‘veel sterfgevallen van oude lieden’); oer de ferskriklike earmoed en it grutte belang fan ’e diakonij, dêr’t hy hyltiden wer oer skriuwt; oer de epidemy yn 1826 wannear’t hy sels ek 4 wiken slim siik op bêd leit; oer froulju dy’t yn de kream stjerre; mar ek fan in frou dy’t 3 kear net oan boaskjen (trouwen) takomst omdat har frijers omkomme (2 binne der ferdronken); oer hoe’t it hea op it lân leit te rotsjen; oer hiele beslaggen fee dy’t omkomme; oer de golera en de pest; oer hoe’t minsken yn Ljouwert ophongen wurde, mar Hellema giet der mar net hinne. Hy hat it al sa faak sjoen...

 

Yn dy tiden wisten de minsken hoe gau it libben omslaan kin, hoe ôfhinklik wy minsken binne; hoe kwetsber ús libben is. Op oare plakken yn de wrâld is dat noch oan de oarder fan de dei. Mar wy ha it sa goed, dat wy miene rjocht te hawwen op rykdom, sûnens en gemak. En dochs is it net sa!

 

Doeke Hellema hie it fergelike mei in soad minsken hiel goed. It wie in ryk man mei in protte funksjes. Syn frou buorke. Hy wie skoalmaster, koster, oargelist, foarsjonger. En letter foaral ûntfanger fan de belêstingen. Hy loek alle macht en ynfloed nei him ta. Dat sil net elkenien him yn tank ôfnommen ha. Hy hie it dus fergelike mei oaren net sa min. Hy wie in man fan kwizekwânsje. Mar hy koe ek de pine en de tsjinslach wannear’t hy bygelyks syn earste frou kwytrekket. En in berntsje dat omkomt troch in ûngefal mei de kachel. En hoe hertferskuorrend is it wannear’t hy skriuwt by it ferstjerren fan syn twadde frou yn 1850.

 

‘Op het oogenblik dat mijne vrouw den geest gaf, was hiermede de lust tot mijn bedrijf en het leven ook gebluscht!! Ik gedenk nog het zoo treurig verlies heden met droefheid! In alle mijne verwachtingen zoo teleurgesteld... Zelfs de lust tot schrijven heeft mij ontbroken’.

 

Dizze minsk hie in protte meimakke, hie alle foarrjochten fan it libben preaun: wurk en oansjen, hertstocht en leafde, rykdom en in soad bern. Mear foarrjochten as oaren. En dochs falt it libben him swier. Wylst hy alles hân hat, stiet hy dochs oan de ein fan syn libben mei lege hannen. En hy wit, op rykdom en oansjen kinne in minsk gjin libben bouwe. Dat jout gjin fêste grûn! Dêrom beslút hy syn autobiografy (Korte Schets of Levensgeschiedenis) mei de wurden út de Preker:

 

‘Daarom van alle aardsche genietingen, van alle aardsche genoegens, rykdom eer en aanzien welke gedurende het leven ons deel is, zal dit de slotsom zijn

YDELHEID DER YDELHEDEN? HET IS AL YDELHEID.

 Ik wol dizze preek graach beslúte op de wize sa’t ik begûn bin.

 

Dizze tsjerke is in lichem

Dizze tsjerke hat in siel

Dizze tsjerke libbet

 

Geslachten geane, geslachten komme

De sinne komt op en de sinne giet ûnder

De wyn is súd en draait nei noard

en draaiendewei blaast er werom

Alle beken streame nei de see

mar de see rekket nea net fol

It wetter bliuwt mar streamen troch de wurdumerfeart.

 

Hjir is it geheim fan God ferkundige

yn wurd en yn sakramint

troch de preester oan it alter

troch de dûmny op ’e preekstoel

troch de foarlêzer achter it buordsje

hjir hat it boadskip klonken

yn it Latyn, de taal fan de tsjerke

yn de Hollânsk, de taal fan de Statenvertaling

yn it Frysk, de taal fan it folk.

 

Hjir binne de minsken op ’e knibbels gien

hjir hawwe de minsken skriemt

hjir hawwe de minsken it leksum opsein krigen

hjir hawwe de minsken skreaut en songen

hjir hawwe de minsken treast fûn mar ek de swiete sliep

hjir hawwe de minsken elkoar ta de doar út fochten

 

Mar hjir yn dizze tsjerke wie foaral plak

foar wet en foar evangeelje

foar ferjouwing en foar treast

foar stilte en foar rêst

foar rjocht en foar frede

foar it hert en foar it heil

foar de sêftens fan de siel

foar gelok en foar genede

 

dat it sa bliuwe mei ...

 

Dan fiele wy ús sa lyts

sa’t wy hjir hjoed steane

oan ’e ein fan in lange skiednis

en it begjin fan in nije takomst.

 

Amen.